PIEREMACHOCHELROCK YN'E WINTER
Op 5 Maart wie de earste ediesje fan pmg yn'e winter.
de bedoeling fan dit ekstra feesje, njonken in leuke jun is it sykjen
fan in knappe ofslutende act foar it festival yn Maaie,
dy't nei de haadact de minsken nog efkes fan it leaste bytsje enersy ofhelpt.
Nei it ynsammeljen fan in tal demo's fan ferskate bands ha wy in kar makke,
en ha fjouwer bands noege om de striid oan te gean.
Dielnimmers:
***DARKTOBER***
***FET COOL***
***HAYFEVER***
(yn stee fan "ORGAN-X")
***VOODOO***
Oan it ein fan'e ofwikseljende musikale jun mei:
eigen noemers, rockcovers, rock'n'roll covers en stevich top100 wurk,
wie der in tige drege opjefte foar it trije koppige sjury,
om in kar te meitsjen hokker band op it "grutte" pieremachochelrock spilet.
Nei in koart petear hat de sjury de snitser band "HAYFEVER" utroppen
ta winner fan it earste Pieremachochelrock yn'e winter.
It wie in tige slagge jun, en foar werhelling fetber.